Kontrôle oanfierd slachtfee

06 apr 2008 - 14:22

By Friesland Vlees yn Ljouwert sil fee dat de slachterij ynkomt, permanint by it útladen kontrolearre wurde. Dat hat minister Verburg snein oankondige. Friesland Vlees is it eardere Brada oan 'e Snitsertrekwei.

Neffens in âld-meiwurker fan ynspeksjetsjinst AID soe der faak wat mis wêze mei de kondysje fan bisten by it ferfier nei de slachterij. Der soe sprake wêze fan sike bisten dy't de slachterij yngean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)