Gjin rekord stokrinners

06 apr 2008 - 10:27

De rekordpoging fan de stokrinners op it Amelân is krekt net slagge. Om yn it Guinness Book of Records te kommen, moasten mear as 1026 minsken de einstreek heljen. Der kamen wol genôch minsken oan de start, 1042, mar dy rûnen de tocht net allegear út.

Uteinlik kamen der 994 stokrinners oer de streek. It rekord bliuwt yn hannen fan de Sweden. Mooglik is der takom jier in nije rekordpoging Nordic Walking op it Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)