CDA'er kin ite mei Balkenende

06 apr 2008 - 10:23

It CDA yn Dongeradiel hâldt dizze moanne in grutte ledewerf-aksje. Wa't lid wurdt fan de partij, makket kâns op in lunch mei premier Balkenende.

CDA'ers sille de kommende wiken by de doarren lâns. Der wurdt allinnich oanbelle by minsken fan wa't tocht wurdt dat se belangstelling hawwe foar it CDA. De partij hopet mei de aksje net allinnich op mear leden, mar úteinlik ek op mear bestjoerders foar de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)