Snitser sylster fjirde op EK

05 apr 2008 - 16:18

Brechtje van der Werf fan Snits is op it EK Yngling yn it Spaanske Blanes mei Mandy_Mulder en Floortje_Hendriksen as fjirde einige. De oare Nederlânske ploech mei stjoerfrou Renee Groeneveld pakte it brûns. Europeesk kampioen waard de Britse ploech mei stjoerfrou Sarah_Ayton.

Yn de medaljerace - de finale mei de bêste tsien boaten - waard Van der Werf tredde. Yn de einstân wie dat fjouwer punten te min foar brûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)