Fermiste frou wer te plak

05 apr 2008 - 15:01

Klaaske_Peters fan Nijbrêge is wer te plak. De plysje stjoerde freed in opspoaringsberjocht rûn omdat de 47-jierrige frou al sûnt woansdei fermist waard. De frou kaam net opdagen op in ôfspraak yn Ljouwert dy middeis, mar wie noch wol sjoen ûnderweis derhinne op bewakingbylden fan in bensinepomp.

De frou is sneontemoarn fûn yn it easten fan it lân. De plysje kin net fertelle hoe't it mei har is. Se is yntusken werom by har famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)