Oanhâldings by rel Cambuur-Ado

05 apr 2008 - 13:39

By rellen nei ôfrin fan de fuotbalwedstryd Cambuur-Ado Den Haag hat de plysje njoggen minsken oanhâlden. In groep Ljouwerters foel in groep Ado-supporters oan dy't ûnderweis wiene nei harren bus. Dêrby waard mei stiennen goaid. Meardere supporters út Den Haach rekken ferwûne oan de holle.

Acht Ljouwerters fan 15 oant 23 jier binne oanhâlden foar iepenlike geweldpleging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)