Fêstrûn miljoeneskip wer flot

05 apr 2008 - 12:25

Yn Wâldsein is sneon in miljoeneskip fêstrûn by de earste fartocht nei iepen wetter. It 31 meter lange skip is boud op de werf fan Dok- en Scheepsbouw Woudsend. De Kanadeeske opdrachtjouwer wie oan board doe't it skip fan op syn minst 13 miljoen euro fêst kaam te sitten op in richteltsje yn de Nauwe Wymerts.

Troch it skip mei help fan pompen skeef hingje te litten, kaam it nei in oere wer los.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)