Utstalling foar betinker KI

05 apr 2008 - 12:22

Keunstmjittige ynseminaasje, de KI, fan kij is yn de jierren '30 begûn yn Aldeberkeap. It wie bistedokter Jan Siebenga út dat plak dy't ynspireard rekke wie troch in Russyske dokter.

De KI wie pure needsaak yn de Stellingwerven. Om't der mar in pear bollen wiene, wiene der in soad geslachtssykten by de kij mei as gefolch dat se gjin molke mear joegen. Ta eare fan Siebenga is yn Makkingea in eksposysje iepene oer de KI.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)