Keamerleden nei waadeilannen

© Omrop Fryslân
Leden fan trije fêste keamerkommisjes bringe takom wike tongersdei en freed in wurkbesite oan de waadeilannen Amelân en Texel. It doel fan de wurkbesite is om mear ynsicht te krijen yn de gearwurking tusken de fiif waadeilângemeenten.
Der is ûnder oaren oandacht foar de net passende wet- en regeljouwing foar de waadeilannen, de rampebestriding en de ynset by kalamiteiten op de eilannen, de Noardsee en de Waadsee.