Cambuur wint fan ADO Den Haach

04 apr 2008 - 23:04

Cambuur wûn freedtejûn mei 2-1 fan ADO Den Haach. De Ljouwerter goals kamen op namme fan Sandor van der Heide yn de earste - en Marc_Mboua yn de twadde helte.

Yuri_Cornelisse makke yn de 88e minút de oanslutingstreffer, mar fierder kaam de subtopper út Den Haach net. By Cambuur makke Dennis_van_Ree yn de 83e minut syn debút foar Cambuur. Van_Ree hat it hiele seizoen revalidearre fan in swiere knibbelblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)