Slim ûngelok by Haulerwyk

04 apr 2008 - 21:19

Op de Haulerwyksterwei by Haulerwyk hat freedtemiddei in ûngelok plakfûn tusken in frachtwein en in persoaneauto.

Hjir by is ien persoan ferwûne rekke. De brânwacht moast der oan te pas komme om de bestjoerder út de auto te heljen. Ek de traumahelikopter waard ynskeakele. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fan de persoaneauto de frachtwein oer holle sjoen by it opriden fan de Haulerwyksterwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)