Van der Werf yn medaljerace

© Omrop Fryslân
Brechtje_van_der_Werf helle op de fjirde dei fan it EK silen yn de Yngling mei Mandy_Mulder en Floortje_Hendriksen in 3e en in 9e plak. Yn de tuskenstân smyt dat it 5e plak op. De achterstân op de Britske Sarah_Ayton en op Renee_Groeneveld is mar seis punten. Sneon sile de earste tsien Ynglings de medaljerace.
De Fryske boat mei Marjon_Kooistra, Marije_Faber en Marije_Kampen helle mei in 13e plak de medaljerace net.