Dichter foar Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Achtkarspelen binne se op syk nei in doarpsdichter. Dizze man of frou soe by alle wichtige saken dy't barre yn de gemeente in gedicht skriuwe moatte.
Oer trije wike komt de gemeente mei in oprop foar in doarpsdichter. In sjuery, mei ûnder oare Keamerlid Joop Atsma, sil út de ynstjoerings de winner kieze. Yn Ljouwert en Snits binne al stêdsdichters, mar in doarpsdichter is der noch net.