Epke definityf net nei EK

Epke Zonderland op it EK fan ferline jier (foto Martin de Jong)
Epke Zonderland giet definityf net nei it Europeesk Kampioenskip turnjen yn Lausanne. Dat hat topsportmanager Henk Kort bekend makke. Gerard Speerstra, de trainer fan Zonderland, hie beswier oantekene, omdat de Lemster net selektearre wie.
Neffens Speerstra hellet Zonderland genôch punten om dochs nei it EK te gean. Henk Kort beoardielet dat oars; hy fynt dat de berekkening fan Speerstra net kloppet.