'Ridend fabryk' ferfangt spoar

04 apr 2008 - 17:25
  • it ridende fabryk dwaande mei it ferfangen fan it spoar by Bears

Yn Fryslân binne foar it earst twa monstertreinen ynsetten foar it opknappen fan it spoar tusken Ljouwert en Mantgum. It giet om giele masines fan 200 meter lang út Dutslân. It is de twadde kear dat se yn Nederlân ynset wurde.

It doel is it ferfangen fan 10 kilometer spoar yn ien wykein en yn heech tempo. Moandeitemoarn om 5 oere moat it wurk klear wêze en de treinen wer ride tusken Ljouwert en Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)