Sirkusteaterdagen op Skier

© Omrop Fryslân
Yn it Himelfeartswykein fan 1 oant en mei 4 maaie sil Skiermûntseach hielendal yn it teken stean fan it sirkusteater. De Sirkusteaterdagen is it grutste iepenloft sirkusevenemint yn Nederlân. Mear as sechtich artysten sille optrede: bûten, yn tinten en yn de natuer.
Unyk oan it evenemint is dat de artysten oan de hân fan workshops harren kennis oerdrage op jonge minsken dy't sirkusnûmers oefenje.