Mear jild foar greidefûgels

04 apr 2008 - 15:22

De provinsje stekt dit jier 2,3 miljoen euro yn it fergrutsjen fan it tal greidefûgels. It giet om in heal miljoen fan de provinsje sels en 1,7 miljoen fan it ryk. It jild wurdt û.o. útjûn oan ferheging fan it wetterpeil by Blessum en Kollumerpomp. Sa kinne jonge greidefûgels mear fretten fine.

Yn 2010 moat de weromgong fan it oantal fûgels foarby wêze. Dêrnei moat der alle jierren wer mear greidefûgels by komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)