´Verbeek trainer yn Nederlân´

04 apr 2008 - 13:38
  • De kâns is grut dat Verbeek wer gau in nije klub fynt (foto Martin de Jong)

De kâns is grut dat Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek takom seizoen in klub hat yn Nederlân. Dat sei hy fan ´e moarn nei de lêste training foar de wedstriid tsjin Willem_II.

Verbeek joech oan dat hy pas bekend makket nei hokfoar klub hy giet as it konkreet is. Hy makket him lykwols gjin soargen. Gertjan Verbeek is noch altiten ien fan ´e gadingmakkers om Bert van Marwijk op te folgjen by Feyenoord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)