Skilderij Van der Kooi te plak

04 apr 2008 - 12:29
  • It skilderij fan keunstner Jan van der Kooi fan Burgum is mooglik wer te plak.

It skilderij fan keunstner Jan_van_der_Kooi fan Burgum is mooglik wer te plak. It skilderij waard ein febrewaris mei TNT-post rjochting eigner yn Súd-Frankryk stjoerd, mar kaam dêr noait oan.

Van_der_Kooi krige by TNT-post 6 wike lang nul op it rekest, mar nei´t hy dizze wike de ferdwining yn it nijs brocht, kaam der skot yn de saak. It skilderij hat al dy tiid op de ôfdieling "onbestelbare post´ stien. It skilderij giet no retour Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)