Visser twadde op NK skaken

Yge Visser stiet twadde op it Nederlânsk Kampioenskip Skaken yn Hilversum.
Yge Visser, foarhinne fan Snits, stiet twadde op it Nederlânsk Kampioenskip Skaken yn Hilversum. Nei in oerwinning spile hy yn syn twadde party remise tsjin Erwin L'Ami. Visser dielt it twadde plak mei Tiviakov. Nijboer hat as iennichste twa partijen wûn.
Sipke Ernst fan Damwâld spile ek syn twadde wedstriid remise, dit kear tsjin De Jong. Daan Brandenburg fan Drachten pakte syn earste skoare; hy spile remise tsjin Ruud Janssen.