Froulju Hearrenfean spylje lyk

© Omrop Fryslân
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe gelyk spile tsjin koprinner FC Utrecht. De wedstryd yn Utrecht einige tongersdei sa't er ek begûn: yn 0-0. SC Hearrenfean hâldt dêrmei it sechde plak yn it klassemint.
SC Hearrenfean miste yn de twadde helte in frije traap, omdat de keeper fan Utrecht dy hâlde koe. Yn de earste helte krige benammen it Hearrenfean de kânsen, yn de twadde FC Utrecht. It slagge beide net dêr út te scoren.