Bunker Koehool wurdt sloopt

© Omrop Fryslân
De oarlochsbunker yn de seedyk by Koehool, wurdt sloopt. De bunker is noait ûnderholden en yn it dak sitte skuorren. De bunker is fan Wetterskip Fryslân en dy wol tefoaren_komme dat der ûngelokken barre.
Foar de doar en de ruten fan de bunker is lêsten al spaanplaat spikere. De bunker út de Twadde Wrâldoarloch is ien fan de lêsten op it Fryske fêstelân. Op de waadeilannen binne noch wol mear bunkers bewarre bleaun.