Spoarbrêge Akkrum iepene

© Omrop Fryslân
De nije spoarbrêge fan Akkrum wurdt nije wike sneon offisjeel yn gebrûk naam. Dat wurdt dien troch deputearre Adema. Hy wurdt dêrby holpen troch wethâlder De_Vries fan Boarnsterhim en de direkteur fan ProRail noard-east. Ek in groep skoalbern is by de iepening belutsen.
De spoarbrêge yn Akkrum is de ôfrûne tiid op in hichte fan 3,5 meter brocht. De brêge hoecht dêrtroch minder faak iepen foar boaten.