Monumint Makkum wer teplak

It monumint waard út it wetter fiske
It oarlochsmonumint yn Makkum is wer terjochte. It lei yn it wetter neist it plak dêr't it monumint stie. Neidat it wikenlang fuort wie, is tongersdei mei help fan in kraan de brûnzen plakette weromfûn. Nei alle gedachten hawwe fandalen it monumint omskopt en yn it wetter treaun.
De Makkumers binne bliid dat it monumint der op de Makkumer befrijdingsdei 7 april wer stean kin.