Utslaande brân Wiuwert

Yn Wiuwert hat tongersdei in útslaande brân west yn in wenning oan de Labadistendyk. De brânwachtkorpsen fan Wommels en Mantgum wiene útrukt om de brân te bestriden. De heechwurker fan Boalsert waard ek ynskeakele. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.
It giet om in hoekwente yn in blok fan fjouwer. De njonkenlizzende wente hat ek reek- en wetterskea oprûn. De brân is nei alle gedachten op de souder ûntstien.