Sikehûs betellet mislearrings

03 apr 2008 - 13:29
  • Klachten moatte binnen in jier weromkomme

As heup- of knibbeloperaasjes yn sikehûs Nij_Smellinghe yn Drachten mislearje, dan betellet it sikehûs de kosten tenei sels. Dat hat it sikehûs ôfpraat mei soarchfersekerder De_Friesland. De ôfspraken jilde ek foar twa oare soarten operaasjes.

It sikehûs en de soarchfersekerder wolle sa sjen litte dat se achter de kwaliteit fan de soarch steane. Betingst is wol dat de klachten fan in pasjint binnen in jier weromkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)