Privatisearring akkommodaasje

03 apr 2008 - 12:28
  • De dûsj- en klaairomten fan fuotbal- feriening Balk wurde privatisearre.

De dûs- en klaairomten fan fuotbal- feriening Balk wurde privatisearre. De gemeente Gaasterlân-Sleat hat de klub foarsteld om de akkommodaasje oer te keapjen foar it symboalykse bedrach fan ien euro. De gemeente wol ek goed in ton stekke yn it ûnderhâld.

It bestjoer fan de klub fielt dêr wol foar. It giet om de lêste sport- akkommodaasje yn Gaasterlân-Sleat dy't privatisearre wurdt. Yn 1999 wie dat mei alle klubs ôfpraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)