Friezen begjinne ridlik oan NK

02 apr 2008 - 22:05

Skaker Daan_Brandenburg hat syn earste partij op it Nederlânsk kampioenskip ferlern. De Drachtster koe net op tsjin Friso_Nijboer. Sipke_Ernst fan Damwâld helle remise tsjin Erwin L'Ami. Ald-Snitser Yge_Visser, no fan Amsterdam, begûn it toernoai wol mei winst. Hy wie sterker as Ruud_Janssen.

It Nederlânsk kampioenskip skaken duorret oant en mei snein. Ferskate toppers dogge net mei, omdat se it prizejild te leech fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)