Fleane mei Berhard syn Dakota

De Dakota fan de prins
Belangstellenden kinne meikoarten in fleantocht oer it Noarden meitsje mei it eardere fleantúch fan Prins_Bernhard. De Dokata fan de prins makket op 13 april trije tochten oer de noardlike provinsjes. By twa dêrfan sil ek boppe Fryslân flein wurde.
De tochten dy't yn Eelde begjinne, duorje trije kertier. Meifleane kostet 140 euro. Mei dat jild wurde âlde Nederlânske fleantugen yn eare hâlden.