Bou kompleks De Kûper begûn
Op 'e Gordyk is in begjin makke mei de bou fan in nij appartemintekompleks. It kompleks komt op it plak fan it eardere kafee De_Kûper en krijt ek dy namme. It kompleks wurdt boud troch WoonFriesland. De regiodirekteur fan de wenningkorporaasje en wethâlder Hoen fan Opsterlân soargen woansdei dat de earste peal de grûn yn gie.
By it ûntwerp fan it kompleks is rekken hâlden mei de histoaryske lokaasje dêr't it komt te stean.