Brechtje van der Werf no 5e
Brechtje_van_der_Werf fan Snits is mei har bemanning op it EK silen yn de Ynglingklasse sakke nei it fiifde plak. Op de twadde dei yn it Spaanske Blanes waarden se in kear 9e en 18e. De Yngling fan Renee_Groeneveld, Annemieke_Bes en Merel_Witteveen giet oan de lieding.
De folslein Fryske boat mei Marjon Kooistra, Marije_Faber en Marije Kampen klom troch in 6e en in 3e plak nei de tsiende posysje.