Grutte kâns aksje busferfier

02 apr 2008 - 17:06

De kâns is grut dat bussjauffeurs yn aksje komme. De ûnderhannelings oer in nije cao binne mislearre. Oerlis tusken wurkjouwers en fakbûnen is woansdei op neat útrûn. De fakbûnen wolle 3,5 prosint mear lean, mar de wurkjouwers binne neffens de bûnen net ree dat te jaan.

Ferline wike al kundigen de fakbûnen oan aksje te fieren as de wurkjouwers net op har easken yngean. Yn Fryslân giet it om Connexxion en Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)