Harkrûtes yn Gaasterlân

02 apr 2008 - 15:24

Besikerssintrum Mar_en_Klif begjint yn Gaasterlân mei tsien harkrûtes foar fytsers en kuierders. Toeristen kinne by Mar_en_Klif apparatuer hiere en ûnderweis op de rûte harkje nei ferhalen oer it lânskip. It apparaat reagearret op pealtsjes lâns de rûte. Ein april wurdt dermei begûn.

Neist ynformaasje oer de natuer, komme de toeristen ek mear te witten oer de skiednis fan de plakken by de rûte lâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)