'Boycot Friesland Foods net'

02 apr 2008 - 12:06

Friesland_Foods hat yn deiblêden yn Maleisië advertinsjes pleatst. Se roppe konsuminten op om produkten fan it suvelkonsern net te boycotten. Yn in grutte Maleisyske supermerk hingje oproppen om Nederlânske produkten te boycotten fanwegen de film Fitna fan Geert_Wilders.

Yn de advertinsjes nimt it suvelkonsern ôfstân fan de film. Friesland-Foods is al jierren yn Maleisië aktyf mei it merk Dutch Lady.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)