Untwerpen foar wenwyk frege

02 apr 2008 - 11:56

Smellingerlân siket minsken dy't in nije wenwyk ûntwerpe wolle. Oan de súdkant fan De Pein komt in duorsume en technysk ynnovative wenwyk. Keunstners, arsjitekten, útfiners en boargers betinke hoe't de wyk derút sjocht, hoefolle huzen oft der komme en hoe't dy der dan útsjen moatte.

Smellingerlân is de earste Nederlânske gemeente dy't sa in wenwyk ûntwerpe lit. Yn desimber moatte der plannen lizze. Oer in jier begjint de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)