Soad animo foar Kunstbende

02 apr 2008 - 11:49

Hûndert acts dogge mei oan de Fryske foarronde fan de Kunstbende op 12 april yn Drachten. Tema dit jier is geheim. Jongeren tusken de 13 en 18 kinne meidwaan oan ferskate kategoryen lykas dûns, muzyk en taal. Nij is de kategory fashion. De measte jongeren ha har oanmeld foar de kategory ekspo.

Kunstbende wol jongeren in poadium biede. Op de ynternetside FROEKS.TV komme filmkes fan de foarronde. De lanlike finale is 5 july yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)