Ried wifket oer ekstra jild

© Omrop Fryslân
De ried fan Boarnsterhim hat noch gjin beslút nommen oer it beskikber stellen fan 9 euroton ekstra foar de brede skoallen yn Akkrum en Grou. De ried prate der tiisdei oer. De riedsleden wolle earst oanfoljende ynformaasje. Yn de folgjende riedsgearkomste, op 22 april, wurdt fierder praat.
De bou fan de brede skoallen kostet miljoenen. De bou hat ek al in jier fertraging oprûn. Pas oer twa jier kinne de gebouwen brûkt wurde.