Jolanda de Jong wint foarlêzen

02 apr 2008 - 10:22

Jolanda_de_Jong hat de provinsjale finale fan de lanlike foarlêswedstriid wûn. Se sit op de Eben_Haezerskoalle yn Oerterp. Der dienen 14 bern mei oan de foarronde tiisdei. By it foarlêzen seach de sjuery nei útspraak, tempo, fersteanberheid en kontakt mei publyk. De winner lies in fragmint foar út it boek Kappen! fan Carry_Slee.

Twad waard Tjalling_Wolters út Toppenhuzen en tred Franke_Jager út Dronryp. De lanlike finale is 21 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)