Duorsume enerzjy yn Waadgebiet

bedriuwen yn Waadgebiet wolle mear duorsume enerzjy
Goed tritich bedriuwen yn it Waadgebiet freegje mei elkoar subsydzje oan foar it winnen fan duorsume enerzjy. It giet om boeren, fruittylders en kampinghâlders. Se wolle sinnepanielen en lytse wynmûnen oanskaffe.
Mei de gearwurking wolle de ûndernimmers saken regelje as de ynkeap en de subsydzje-oanfraach. De bedriuwen sitte yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.