Aris ferliest fan Den Bosch

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland hawwe, sa as ferwachte, net wûn fan Eiffeltowers út Den Bosch. Dochs like it dêr by rêst net op. Doe hiene de Ljouwerters in 38-37 foarsprong.
Eiffeltowers, ferline wike winner fan it bekertoernoai, rûn dêrnei dochs út en wûn mei 90-75. Dillion Sneed fan Aris skoarde mar leafst 31 kear. Aris spilet no noch fjouwer wedstriden, mar sil nei alle gedachten einigje as ien-nei-lêste.