Protest tsjin sluting kazernes

© Omrop Fryslân
Trijetûzen hantekens moatte foarkomme dat de brânwachtkazernes yn Aldeberkeap en Appelskea sletten wurde. Se binne tiisdeitejûn oanbean oan it gemeentebestjoer fan Eaststellingwerf. Dy lit op it stuit ûndersykje oft it de muoite noch wol is te ynvestearen yn de kwaliteit fan beide korpsen.
Ynwenners fan beide plakken binne benaud dat it te lang duorje sil foar't de brânwacht te plak is.