Al dit jier teater yn Snits
Snits krijt noch dit jier in teater. It âlde TNT-gebou oan de Westersingel wurdt derfoar ferboud. Yn dit tydlike teater is romte foar goed 180 minsken. De optredens fine dan plak op de flier fan it gebou. In apart poadium komt der net. It teater moat ûngefear in jier op dit plak sitte.
As it oan de ein fan 2009 sloopt wurdt foar de bou fan it nije teater, ferhuzet it teater nei de Noorderkerk yn de stêd.