Snits fynt keunstwurken werom
Der binne by de gemeente Snits mear as 300 fergetten keunstwurken boppe wetter kaam. In amtner fan de gemeente hat oardiel jier dwaande west om keamer foar keamer op it gemeentehûs, mar ek yn oare gemeentlike gebouwen, fêst te lizzen wat der oan keunst is.
Neffens it kolleezje wurdt de saak no ris goed ynventarisearre en dêrnei sil besjoen wurde wat der mei de keunst dien wurde sil.