Boargemaster Crone op tournee

Boargemaster Ferd Crone
Boargemaster Crone fan Ljouwert giet de wiken en doarpen yn 'e gemeente yn. Crone is no in heal jier boargemaster fan 'e Fryske haadstêd. Hy wit al in soad fan it wurk yn 'e doarpen en wiken, mar wol mei eigen eagen sjen hoe't it der is. Wykpanels en doarpsbelangen binne frege programma's te meitsjen. De binnestêd is woansdei as earste oan bar.
Crone sil letter ek noch by bedriuwen, ferienings en ynstânsjes sjen.