Skeel oer tekoart by Caparis

01 apr 2008 - 15:14

De gemeente Weststellingwerf wol dat de ried van kommissarissen fan Caparis opstapt. De sosjale wurkfoarsjenning wol dat de gemeente in finansjeel tekoart fan 5 miljoen oansuveret. Westellingwerf moat dan 5,5 ton betelje.

Earder hie Caparis tasein dat se it tekoart op eigen krêft oplosse koe. No docht bliken dat dat net kin. De ried fan kommissarissen fan Caparis wol net reagearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)