Skipper Victus foar rjochtbank

De boech fan it skip heal op 'e wâl yn it fakânsjehûske
De skipper fan it frachtskip Victus dat ferline simmer in fakânsjehûske op it eilân De_Burd by Grou ramd hat, moat foar de rjochter komme. Dat hat it iepenbier ministearje besletten. De skipper (28) hat neffens justysje ûnfoarsichtich en te hurd fearn.
Yn 'e iere moarn rekke it skip op it PM-kanaal út 'e koers, skeat de wâl op en ramde it hûske. In gesin mei twa lytse bern kaam mei de skrik frij. De skipper hie mar in pear oeren sliept.