Hânboek oer Nedersaksysk

Hânboek foar Nedersaksysk fan grutte betsjutting
Yn Grins hat minister Plasterk fan ûnderwiis moandei it earste eksimplaar yn ûntfangst nommen fan it Handboek Nedersaksische Taal- en Letterkunde. It Nedersaksysk wurdt praat troch in 2 miljoen minsken, û.o. yn Noard- en East-Nederlân. Yn Fryslân is it de streektaal fan de Stellingwerven.
De Nedersaksen wolle deselde status by it Europeesk Hânfêst krije as it Frysk. Dat soe de Nederlânske oerheid ferplichtsje ta mear beskerming.