Fleanoefening tenei elk jier

01 apr 2008 - 13:56

De ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag op 'e Fleanbasis Ljouwert is tenei alle jierren. De oefening foar dit jier is tiisdei út ein set. Yn 2005 wie Frisian Flag foar it lêst. Troch bûtenlânske missys en te min dielnimmers wie de oefening in pear jier útsteld.

De kommende oardel wike oefenje piloaten boppe de Noardsee op de ûnderdielen loftferdigening en it stipe jaan oan grûntroepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)