Wurk oan Ofslútdyk

De Ofslútdyk krijt nij asfalt
Rykswettersteat begjint no freed mei wurk oan de Ofslútdyk. Dat duorret oant en mei begjin juny. Oer in lingte fan 7 kilometer komt der nij asfalt op. As earste is it stik dyk rjochting Fryslân oan bar. De ôfrit Koarnwertersân is dêrom fan freed 4 april oant en mei freed 2 maaie ôfsletten foar ferkear. Yn maaie krijt it stik dyk rjochting Noard-Hollân in nije asfaltlaach.