Ferwûne by brân Wolvegea

01 apr 2008 - 09:57

By in brân yn in wenhûs oan de Struikheide yn Wolvegea is moandeitejûn in 47-jierrige man ferwûne rekke. In bewenner fan deselde strjitte melde de brân om in oere of alve hinne.

Doe't de plysje oankaam, siet de bewenner foar syn baarnende hûs. It fjoer is yn de wenkeamer ûntstien. It hûs hie grutte skea troch de brân. De bewenner is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)